Bankoerfallers fertocht fan mear

© Omrop Fryslân
De oerfallers fan 'e bank yn Aldeberkeap wurde fertocht fan mear delikten. Se soene ek in ynwenner fan Steggerda mei geweld oerfallen hawwe. Fierders soene se yn Assen ek in meiwurkster fan in platesaak oerfallen hawwe dy't jild by in bank stoarte soe en der is sprake fan belutsenens by in oerfal op in supermerk yn Assen.
De jongens (18, 18 en 17 jier) wenje yn Assen. Se wurde moarn foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.