Tytsjerksteradiel wol bedriuwen

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel wol mear dwaan foar bedriuwen yn 'e gemeente. In nije wurkgroep moat bedriuwen fan bûten oanlûke. Fierders stekt de gemeente jild yn it tydskrift Ondernemend Tytsjerksteradiel en wurde gearkomsten foar starters hâlden. Undernimmers dy't al in bedriuw hawwe, kinne oanskowe op spesjale lunsjgearkomsten. Dêr wurde se bypraat.
Oer twa jier besjocht de gemeente oft de aktiviteiten fertuten dien hawwe.