Marrekrite krijt flinke skinking

© Omrop Fryslân
De Marrekrite hat tiisdei goed 70.000 euro oan jeften yn ûntfangst naam. Organisaasje De Marrekrite bout en ûnderhâldt oanlisplakken by marren troch de hiele provinsje hinne. It jild is ynsammele troch frijwilligers en de Fryske wettersportferienings.
Mei it jild wurdt ek in part fan de nije Marrekrite Miljeuboat betelle. Dy boat fan de gemeente Boarnsterhim sil alle dagen op de marren farre om ôffal by oanlisplakken wei te heljen.