Soad minsken op ynformaasjejûn

10 des 2003 - 00:00

Goed 300 minsken kamen tiisdei ôf op de earste ynformaasjejûn fan de gemeente nei oanlieding fan de arrestaasje fan in skoalmeiwurker. De ICT-meiwurker fan de trije basisskoallen yn Kollumerlân wurdt derfan fertocht seksreizen foar pedofilen organisearre te hawwen.

Om't de man op skoalle wurke, soarge de arrestaasje foar in soad ûnrêst yn Kollum. Oanwêzich wiene it iepenbier ministearje, plysje, GGD en gemeente. Der komme noch twa ynformaasjejûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)