Earste koartebaanwedstriid

© Omrop Fryslân
De earste reedrydwedstriid op natueriis yn Nijlemmer is tiisdei wûn troch Pascal Broekman fan Havelte. De reedrider út Havelte wie krekt wat flugger as Guido Berenz fan Harns. It tredde plak wie ek foar in Fries: Gerrit Albada út Balk.
Der wiene 36 dielnimmers oan de koartebaanwedstriden. It iis wie 4,5 sintimeter dik. Der wie in soad media- belangstelling foar it riden, sa wiene der kameraploegen fan de NOS en SBS.