Skeafergoeding foar Eringa

© Omrop Fryslân
Frou Eringa krijt goed 17.000 euro fan de gemeente Ljouwert. It jild is bedoeld as skeafergoeding foar proseduerekosten. Frou Eringa wurke as trou-amtner oant se op non-aktyf steld waard. Se woe fanwegen har leauwe gjin homohouliken slute. Nei rjochterlike prosedueres kaam se wer yn tsjinst.
Frou Eringa klaimde 23.000 euro as fergoeding. Earder krige se al 68.000 euro foar it tal houliken dat se mist hie.