Ljouwert wol previntyf fûllearje

© Omrop Fryslân
Ljouwert wol tenei previntyf fûllearje kinne. Dat stiet yn de nije Algemene Politie Verordening. Plysje mei minsken fûllearje as se foar oerlêst soargje of as de plysje tinkt dat in sitewaasje út de hân rint. Alle minsken yn de buert kinne ûndersocht wurde op wapens.
Yn de APV stiet ek dat strjitmuzikanten net mear oeral yn de stêd spylje meie. De boargemaster wiist plakken oan dy't meikoarten ferbean gebiet wurde foar de muzikanten.