Unwis bestean steankaravans

09 des 2003 - 00:00

Eigners fan steankaravans op Skylge ha moandei in petysje oanbean oan de Twadde Keamer. Se driigje har plak op kamping Schuttersbos yn Midsland-Noard kwyt te reitsjen. De eigner fan de kamping wol de karavans ferfange troch lúkse bungalows. Guon karavans steane der al 40 jier.

De fêste keamerkommisje hat it probleem foarlein oan de minister. Dy sil besjen oft de rjochtsposysje fan langkampearders ferbettere wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)