Oerienkomst oer De Hemmen

© Omrop Fryslân
De gemeenten Snits en Wymbritseradiel ha ôfspraken makke oer útwreiding fan yndustryterrein De Hemmen by Snits. Dat groeit fan 50 nei 70 hektare en komt diels op grûn fan Wymbritseradiel.
Wymbritseradiel wol dat oare bedriuweterreinen net fierder groeie. Nije bedriuwen moatte no nei De Hemmen. De gemeenten ha ek oare saken fêstlein. Op it mêd fan wentebou, wurk en rekreaasje krijt Snits mear romte, mar net ten koste fan de doarpen.