Minder opfang by Fûgelhelling

© Omrop Fryslân
De opfangkapasiteit fan De Fûgelhelling driget werom te rinnen fan trijetûzen- nei tûzen fûgels yn it jier. Dat waard moandei bekendmakke by in wurkbesite fan Opsterlands Belang oan it fûgelasyl yn Oerterp.
Oarsaak binne de besunigings op subsidieard wurk. De Fûgelhelling moat dêrtroch de iennige twa fêste meiwurkers misse. Dat kin net opfong wurden troch frijwilligers. Opsterlân en Smellingerlân sykje in oplossing.