Navarra: Baskyske flagge mei net

08 des 2003 - 00:00

It regear fan Navarra yn Spanje sleept de gemeente Leitza foar de rjochter fanwege it wapperje litten fan 'e Baskyske flagge. Neffens it regear fan Navarra is soks yn striid mei de Spaanske 'wet op de symboalen'.

Yn Baskelân is it gewoan dat op in soad gemeentehuzen de 'ikurriña' hinget, mar Navarra is folle minder pro-Baskysk. Boargemaster Saenz fan Leitza fynt dat de gemeente sels wite mei watfoar flagge se wapperje litte wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)