Bearn Bilker ferrast troch berte

07 des 2003 - 00:00

It dochterke fan prins Willem Alexander en prinsesse Máxima weacht 3310 gram en is 52 sm. lang. De namme is op it stuit noch net bekend. Yn Den Haach binne nei de berte de klokken begûn te lieden.

Oranjekenner en boargemaster fan Kollumerlân Bearn Bilker seit ferrast te wêzen troch de berte fan de poppe. It nijs kaam him eins wat oer it mad. Ek it feit dat it berntsje op natuerlike wize berne is en net mei de keizersnee, ferraste him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)