Máxima befalt fan dochterke

© Omrop Fryslân
Prinsesse Máxima is sneintemiddei om 17.01 oere befallen fan in dochterke. Neffens de Ryksfoarljochtingstsjinst is it berntsje goed sûn. Prins Willem-Alexander seit dat it in wolk fan in poppe is. Sneintemoarn om 9.10 oere hinne wie Máxima opnaam yn it Bronovo-sikehûs yn Den Haach.
Om't de poppe op snein berne is, meie minsken neffens it protokol pas moandei de Nederlânske flagge mei oranje wimpel úthingje.