Baarnende fytsen op It Fean

07 des 2003 - 00:00

In stik of tsien fytsen binne sneontenacht yn de brân stutsen op It Hearrenfean. De plysje trof in hiel spoar oan fan baarnende fytsen. De fytsen stiene allegear op 'e rûte fan it sintrum nei it stasjon.

Benammen fytstassen stiene yn 'e brân. De plysje hat in 25-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanholden foar de brantsjes. Hy is ynsletten yn it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)