Wetteroplieding yn Súd-Afrika

07 des 2003 - 00:00

It Van Hall-ynstitút yn Ljouwert sil in wetteroplieding opsette oan de lânbou-universiteit yn Súd-Afrika. Ek sille se meiwurkje om de lânbou-opliedings te ferbetterjen.

It Van Hall is sa stadichoan ien fan de grutste kenners fan wettertechnology yn de hiele wrâld. Ek yn Azerbeidzjan, Sina en Yndonesië hat de skoalle al wetteropliedings opset. Yn de simmer fan 2004 sil út ein set wurde mei de oplieding yn Súd-Afrika.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)