Grewelskoalle ek yn Drachten?

07 des 2003 - 00:00

Drachten krijt nei alle gedachten in dependânse fan de Ljouwerter Professor Grewelskoalle. Op dy skoalle sitte bern mei gedrachsproblemen. Ut prognoazes docht bliken dat der ferlet is fan sa'n skoalle yn Drachten.

De skoalle soe sa'n 180 learlingen krije. Foar de bern betsjut it dat se in stik minder fier hoege te reizgjen. B&W binne foar de komst fan de skoalle. De gemeenteried fan Smellingerlân praat ynkoarten oer it foarstel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)