Flyers ferpletterje Leuven

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Formido Flyers boekten sneon in meunsterskoare tsjin Leuven. It waard 20-1. John Versteeg wie mei sân treffers topskoarer yn Thialf.
Nei de earste perioade stienen de Feansters al mei 10-0 foar. De Belgen wienen folslein kânsleas. Troch de oerwinning hâlde de Flyers de kopposysje yn de 'Coupe der Lage Landen'.