'Philips op termyn ticht'

© Omrop Fryslân
It is net út te sluten dat Philips Drachten op termyn hielendal tichtgiet. Dat tinkt professor Jouke van Dijk fan de universiteit yn Grins. Hy sketst it sombere byld snein yn de dokumintêre 'De motor fan Drachten'.
De produksje fan motors fan skear- apparaten giet wierskynlik nei Sina, tjin de sin fan it personiel. Ekonoom Van Dijk tinkt dat de ûntjouwings by Philips net te kearen binne en dat de yndustry út Fryslân ferdwine sil.