Trelit troch 'stoombus'

06 des 2003 - 00:00

Op de dyk tusken Ljouwert en Hurdegaryp is sneon in bus stilsetten. In foarbyridende brânwachtauto seach in protte reek achter út de ridende bus kommen, en tocht dat er yn 'e brân stie.

Doe't de bus stilstie bliek dat it gjin reek wie, mar stoom dy't út in knapte lieding kaam. Mei de ynsittenden is neat gebeurd, sy binne mei auto's fierder brocht. De bus is fuortsleept troch in oare bus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)