Holwerters ûnderhâlde har bosk

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Holwert ha sneon foar in fergoeding yn natuera wurke oan it ûnderhâld fan it Theebusbosk. Foar it wurk dat se diene, krigen se hout mei foar de iepen hurd.
Sa'n tsien minsken ha de hiele dei oan 'e slach west it doarpsboskje fan Holwert. De wurkdei stie ûnder begelieding fan Lânskipsbehear Fryslân. Yn de omkriten fan Holwert is fierder net folle beambegroeing. De Holwerters binne dan ek wiis mei har bosk.