D66 tsjin oanlis sweefbaan

06 des 2003 - 00:00

D66 yn de Twadde Keamer wol gjin jild stekke yn in magneetsweefbaan. De fraksje hat der grutte twivels oer oft de oanlis fan de sweeftrein wol helber is, no't de NS besletten ha om der gjin jild yn te stekken.

Der is wol in flugge ferbining nedich tusken it Noarden en de Rânestêd, mar dat hoecht net beslist in magneetsweef- baan te wêzen. Twadde-Keamerlid Van der Ham slút it foar letter net 100 prosint út mar sjocht it foarearst net sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)