Stasjon Tsjummearum 'weriepene'

© Omrop Fryslân
It âlde stasjonsgebou fan Tsjummearum is freed foar de twadde kear offisjeel iepene. It gebou is yn âlde steat werombrocht troch stifting DBF. Dy hâldt him dwaande mei de restauraasje fan âlde gebouwen.
It stasjonsgebou waard fan 1902 oant 1936 brûkt as halte foar de spoarline It Dockumer Lokaaltsje. Letter wie it in wenhûs. It gebou is folslein opknapt en wurdt no brûkt as bedriuwsromte. In part is iepensteld foar toeristen.