Koart pleit tsjin Jouke Brander

05 des 2003 - 00:00

Kurator Verdonk fan it fallite boubedriuw Westerbaan spant in koart pleit oan tsjin de eardere eigner Jouke Brander. Dy makke nei it fallissemint in trochstart mei twa nije bedriuwen. Neist personiel namen se ek in part fan de opdrachten fan Westerbaan oer.

It bedrach dat se dêrfoar betelje moasten, 500.000 euro, is nea oermakke. Brander seit dat syn bedriuwen noch jild tegoede ha út it fallissemint. De saak tsjinnet op 15 desimber.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)