'Bern net útslute fan feestjes'

© Omrop Fryslân
Iepenbiere basisskoallen moatte bern net útslute fan sinteklaasfeestjes en skoallereiskes as de âlden de âlderbydrage net betelle ha. Dat stiet yn in gedrachskoade. De lanlike âlderorganisaasje VOO en bestjoerskoepel Vos/AB sille dy takom wike oan alle 2400 oansletten basisskoallen tastjoere.
Oanlieding foar de gedrachskoade is dat hieltyd mear âlden jildpine ha en de bydrage dêrtroch net mear betelje kinne.