'Kreakers moatte út drukkerij'

05 des 2003 - 00:00

De kreakers fan de eardere boekdrukkerij Scheepstra yn Ljouwert moatte nije wike foar de rjochter ferskine. De eigner fan it gebou, de famylje Scheepstra, wol dat de rjochter bepaalt dat de kreakers derút moatte.

Neffens de famylje ferniele de kreakers it monumintale gebou. Sa soe der graffity op de muorren spuite wêze. Ek soene se masines, dy't noch yn it gebou steane, oansette. De rjochter behannelet de saak nije wike woansdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)