Friezen pompe Frâns wetter fuort

© Omrop Fryslân
Van Heck Pompen út Noardwâlde sil yn Súd-Frankryk helpe mei it fuortpompen fan wetter. De regio Nimes-Marseille hat lêst fan grutte oerstreamings, trochdat it dagenlang hurd reind hat. Stadichoan sakket it peil wer.
Van Heck sil mei 7 grutte wetterpompen in tal polders by Marseille droech meitsje. It wetter wurdt út de polders yn de rivier de Rhone pompt. It wurk sil ûngefear in wike duorje, mar dan moat it net wer begjinne te reinen.