Protokol by berte keningspoppe

05 des 2003 - 00:00

Fryslân makket him op foar in grut Oranjefeest as der in keninklike poppe berne wurdt. It ministearje fan Binnelânske Saken hat in saneamd protokol betocht.

It is de bedoeling dat alle Friezen de flagge mei in oranje wimpel útstekke as de poppe fan Willem Alexander en Maxima berne is. Dy wurdt foar de Krystdagen ferwachte. Yn guon gemeenten wurde de tsjerken oproppen om de klokken te lieden as it safier is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)