Oanjefte besykjen ta deaslach

© Omrop Fryslân
Tsjin in 26-jierrige Ljouwerter is tongersdei oanjefte dien fan besykjen ta deaslach. De man ried mei syn auto troch de Sontdwersstrjitte yn Ljouwert op in postboade yn. Dy koe noch mar krekt fuortspringe.
Dêrfoar hie de Ljouwerter ek al stennis skopt yn de rjochtbank. Hy bedrige in 46-jierrige man dy't yn de hal fan de rjochtbank siet. Ek dy man hat oanjefte dien tsjin de Ljouwerter. Dy hat himsels letter melden op it plysjeburo.