Fertochte seksreizen joech les

04 des 2003 - 00:00

De fertochte út Kollum dy't sneon oanhâlden is foar it organisearjen fan seksreizen, wurke as frijwilliger op de Prins Bernhardskoalle yn Kollum. Hy holp by de kompjûterlessen. De man soe reizen organisearje nei ûnder oare Tunesië en Roemenië.

Dêr hearden ek seksuele kontakten mei minderjierrigen by. By him thús binne foto's en fideomateriaal yn beslach naam. De skoalledireksje is skokt en seit dat de man dêr net mear komme mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)