Skoarstien hâldt minsken wekker

04 des 2003 - 00:00

Ynwenners fan Eastersee wurde út 'e sliep hâlden troch in fluitsjende skoarstien. It is de piip fan it eardere tsiisfabryk. As it goed waait fluitet de wyn by de telefoan-antennes lâns dy't op de toer sitte.

Pleatslik Belang Eastersee hat syn nocht en wol dat der wat oan dien wurdt. KPN Mobile is de eigner fan de piip en seit dat in gatsje yn de piip de feroarsaker is fan it leven. Dat gatsje is twa wike lyn al tichtmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)