Te Mâl: tûzen protesten

04 des 2003 - 00:00

Tûzen partikulieren en tsien organisaasjes hawwe harren útsprutsen tsjin de besunigingsplannen fan Deputearre Steaten. De aksjegroep Te Mâl protestearret tsjin de plannen.

Deputearre Steaten wolle 40% besunigje op taal, kultuer en miljeu. Sa'n tûzen frijwilligersprojekten komme faai te stean en ek it Noordelijk Filmfestival en it Frysk Festival ferdwine as de plannen trochgean. Op 17 desimber stimme Provinsjale Steaten oer it plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)