De Friesland wiziget preemjes

© Omrop Fryslân
De Friesland ferleget de sikefûnspreemje takom jier mei 3 euro yn 'e moanne. Fersekerden betelje dan 25,50 euro. De ferleging is mooglik trochdat saken lykas fysioterapy út it sikefûns-pakket ferdwine. Dy saken wurde ûnderbrocht yn de oanfoljende fersekeringen. De preemjes dêrfan gean takom jier wol omheech.
Ek partikulier fersekerden by De Friesland moatte mear betelje. Sy betelje 8,5 % mear preemje.