Molkwein yn 'e sleat

04 des 2003 - 00:00

Op de Berltsumerdyk by Bitgum is woansdeitenacht in molkwein yn 'e sleat rekke. Der is gjinien by ferwûne rekke, mar wol is de helte fan de 4500 mingel molke yn de sleat rûn. De rest fan de molke dy't noch yn de tankauto siet is oerpompt yn in oare wein.

In takelwein hat de ferûngelokke frachtauto wer op 'e dyk krige. It ferkear op de Berltsumerdyk hat gjin lêst fan de wurksumheden hân, seit de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)