Gaos op ynfojûn Professoarebuert

04 des 2003 - 00:00

In ynformaasjejûn oer de sloop yn 'e Frjentsjerter Professoarebuert is woansdei op in gaos útdraaid. Der wiene oer de 500 minsken en dy hiene in soad fragen. Mar de wenningbouferiening en de gemeente wisten net alle antwurden. De plannen binne noch net alhiel klear.

In soad oanwêzigen rûnen dêrom de seal út en de diskusjelieder moast de gearkomste earder beëinigje. De fragen kinne no skriftlik yntsjinne wurde en der komt ek noch in enkête.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)