Winst foar SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean wûn woansdei sûnt lange tiid wer ris in kompetysjewestryd. Yn it eigen stadion waard it 2-0 tsjin ADO Den Haag, mei doelpunten fan Sibon en Samaras. En dat wylst ferskate wichtige spilers siik of blessearre wiene, lykas de middenfjilders Vayrinen en Radomski. De wedstryd ferrûn rêstich. Der wie ekstra plysje-ynset fanwege de oanwêzigens fan 250 ADO-supporters. Twa fuotbalfans binne oppakt foar it ôfstekken fan fjoerwurk.