'Alde slûs Starum opknappe'

© Omrop Fryslân
De âlde slûs fan Starum moat opknapt wurde en wer iepensteld foar skippen. Dat fine de wettersportûndernimmers fan Fryslân yn 'e Hiswa Regio Noard. In slûs derby komt de feiligens ek ten goede.
Starum hat ferlet fan in better imago en it ûntbrekt de gemeente Nijefurd oan in wettersportfizy. It stedsje is de tagongspoarte ta it marregebiet. De Hiswa, de gemeente en provinsjeamtners bestudearje de mooglikheden.