Linebeam foar keningsberntsje

03 des 2003 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Kollumerlân is drok dwaande him ta te rieden op de berte fan de poppe fan prins Willem Alexander en prinsesse Máxima. Op de bertedei wurdt der in spesjale Keningslinebeam plante. De gemeente noeget alle ynwenners út om dêrby te wêzen.

As op de bertedei fan it keninklik berntsje yn Kollumerlân ek poppen berne wurde, dan krije dy besite fan boargemaster Bilker. Se krije dan as presintsje in sulveren gemeenteleppel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)