Bou MFC Suderbuorren út ein set

03 des 2003 - 00:00

Lang om let is woansdei út ein set mei de bou fan de earste foarsjenningen yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. De gemeente hie tasein dat dy der fluch komme soene, mar de bewenners moatte it al trije jier sûnder winkels, apoteek, dokter of iepenbiere skoalle dwaan.

Dêr komt ynkoarten feroaring yn, want yn it nije multyfunksjoneel sintrum komme twa skoallen, in berne-opfang en in pjutteboartersplak. Letter komme der ek in apoteker, hús- en toskedokter yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)