Rekreaasje is goed foar ekonomy

© Omrop Fryslân
Yn de Fryske rekreaasjesektor binne ferline jier 800 banen bykommen. Dy groei komt om't it tal oernachtings tanommen is mei twa prosint. Dat docht bliken út ûndersyk fan de CHN yn Ljouwert. Acht prosint fan de Fryske befolking wurket yn de rekreaasje en toerisme. Dêrmei is de sektor in stabile faktor yn de Fryske ekonomy.
Yn de wettersport gienen banen ferlern. Fral by jachthavens en de ferhier fan boaten naam de wurkgelegenheid ôf.