'Eurosport moat op kabel'

03 des 2003 - 00:00

Eurosport moat wer yn it standertpakket fan de kabel komme. Dat wol de programmaried fan UPC-klanten. Yn njoggen Fryske gemeenten is Eurosport inkeld te ûntfangen mei in dekoder. Neffens UPC wol Eurosport sels fia it UPC Digital pakket te ûntfangen wêze.

De ried fynt dat nuver om't yn oare regio's Eurosport standert op de kabel. Neffens in wurdfierder hat UPC mei Eurosport ôfpraat om yn Fryslân it sportkanaal digitaal troch te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)