Snitser oppakt foar berneporno

© Omrop Fryslân
In man út Snits (30) is troch de plysje oanhâlden foar berneporno. Ek waard in man (41) út Nunspeet oanhâlden. Der binne 16 huzen trochsocht. By de fertochte yn Snits binne goed 1500 films en 47.000 foto's mei nei alle gedachten berneporno yn beslach nommen.
Mei elkoar binne 28 kompjûters, 70 harddisks en hûnderten cd's en fideobannen konfiskearre. De manlju makken gebrûk fan it program Kazaa, dat kompjûterbestannen útwikselje kin.