Hoareka wol eigen regels smoken

02 des 2003 - 00:00

Hoareka-ûndernimmers wolle dat smoken yn har gelegenheden noch tsien jier mooglik bliuwt. It Keninklik Hoarekabûn hat tiisdei in plan oanbean oan minister Hoogervorst. De ûndernimmers wolle sels regels opstelle en mei fentilatoaren der foar soargje dat oaren gjin lêst mear ha fan de reek.

De Twadde Keamer wol ek ôfsjen fan in smookferbod. As de minister syn sin krijt, is smoken mei yngong fan 2005 yn in soad kafees hielendal ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)