Winst foar Jong Cambuur

02 des 2003 - 00:00

Jong Cambuur hat moandei mei 1-0 wûn fan Jong Veendam. Nei twa kear ferlern te hawwen, wienen de Ljouwerters wer by de les. De ploech fan trainer Groote wie sterker as de Grinzers. Bytiden lieten se fantastysk fuotbal sjen. Rocky Siberie skoarde lang om let yn de 73e minút.

Jong Cambuur bliuwt troch de winst yn it spoar fan koprinner Heracles Almelo. Sneon spilet Jong Cambuur thús tsjin Jong De Graafschap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)