Grinzer koeke nei Fryslân

02 des 2003 - 00:00

Wieger Ketellapper yn St. Jansgea nimt takom jier de produksje oer fan it koekefabryk fan Klinkhamer. It fabryk fan Klinkhamer yn it Grinzer Uithuizen giet ticht. It doarp hat oerlêst fan it ferâldere fabryk. De 35 wurknimmers kinne mei nei Fryslân. Neffens de FNV wolle de measten dat net.

Klinkhamer makket alle dagen sa'n 40.000 koeken yn tsien ferskillende soarten. Ketellapper en Klinkhamer binne beide ûnderdiel fan Peijnenburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)