Nije boargemasters Snits en Balk

01 des 2003 - 00:00

Arno Brok is moandei offisjeel as boargemaster fan Snits ynstallearre. Famylje, freonen, politisy en foargonger Hartkamp seagen hoe't de âld-wethâlder fan Ljouwert it amtskeatling omhongen waard.

De gemeente Gaasterlân-Sleat kaam moandei yn de kunde mei boargemaster Thea de Roos. Se wurdt woansdei offisjeel ynstallearre. Se wie earder dykgraaf yn Noard-Hollân en wie ek alris earste boarger yn Gelderlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)