Kandidaten foar Ljouwerteradiel

01 des 2003 - 00:00

Der binne 19 kandidaten foar it boargemasterskip fan Ljouwerteradiel. Der binne 6 VVD'ers by en 6 CDA'ers. De oare kandidaten binne lid fan de PvdA, D66 en FNP. De measte gadingmakkers ha bestjoerlike ûnderfining as wethâlder of gemeentesekretaris. Fiif kandidaten binne tusken de 30 en de 40 jier.

Kommissaris Nijpels makket in seleksje en nei sollisitaasjepetearen siket in fertrouwenskommisje der twa kandidaten út. Dêrnei moat de ried deroer gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)