Beskuldiging fan oanranding

01 des 2003 - 00:00

De konsjerzje fan it Comenius yn Ljouwert dy't mei learlingen chatte, wurdt beskuldige fan oanranding. Tusken maaie 2002 en maaie 2003 soe de Stienzer (50) in famke dat doe 13 wie, ûnseedlik betaaste ha.

De saak kaam oan it ljocht nei't de heit fan it famke útfûn dat de konsjerzje oan it seks-chatten wie mei syn dochter. De âlden ha oanjefte dien. De plysje hat it hûs fan de konsjerzje trochsocht en syn kompjûter meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)