Sel en tbs foar moard yn Makkum

01 des 2003 - 00:00

Tsjin in frou (35) út Snits is moandei yn Ljouwert fiif jier sel en tbs mei twangferpleging easke fanwege moard. Se wurdt derfan fertocht dat se in oare frou in healjier lyn deastutsen hat op de stoepe fan in kroech yn Makkum.

De froulju hienen spul oer in opmerking dy't it slachtoffer makke hie. De fertochte stuts trije kear en rekke de longslachier. De Offisier fan Justysje easke ek in skeafergoeding fan 6500 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)