Grins bêste Noardlike haadstêd

01 des 2003 - 00:00

Grins is de bêste kandidaat as haadstêd fan it Noarden. Dat sizze goed 1300 Nederlanners op de fraach wat de Noardlike haadstêd wurde moat as de trije noardlike provinsjes ien regio wurde. Grins waard fiif kear sa faak neamd as Assen en Ljouwert.

Fan de Noarderlingen kiest 70 prosint foar Grins, 8 prosint foar Assen en 6 prosint foar Ljouwert. De mearderheid fan de Friezen jout oan dat Martinistêd de meast gaadlike Noardlike haadstêd is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)