Bruinsma einredakteur De Moanne

© Omrop Fryslân
Ernst Bruinsma is de nije einredakteur fan De Moanne. Hy wie al redakteur by it Frysk literêr tydskrift. De foarige einredakteur, Jan Pieter Janzen, stapte fan it simmer op fanwegen spul mei de útjouwer fan it blêd.
De Afûk is der no by belutsen en der is oerienstimming oer de finansjele rânebetingsten. It blêd telt acht siden minder om't der noch in gat yn de begrutting is fan 30.000 euro. De redaksje siket noch twa leden.